It bestjoer en de fraksje fan CDA-Tytsjerksteradiel kinne harren goed fine yn de útkomst fan de formaasje en it nije koälysje-akkoart mei de namme:

DUORSUM OPARBEIDZJE

It is foar it CDA in werkenber, mar ek in ambisjeus akkoart.
It betsjut dat der yn de kommende fjouwer jier in grutte útdaging leit foar sawol de gemeente en de ynwenners mei-inoar.

It CDA Tytsjerksteradiel hat betrouwen yn it nije kolleezje.
De trije partijen CDA, FNP, CU, foarmje it nije kolleezje fan Tytsjerksteradiel en sille gearwurkje en oparbeidzje mei de folsleine gemeenteried en mei-inoar hjir de skouders ûnder sette.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *