Op 7 juny hawwe wy ôfskied naam fan Doeke Fokkema as wethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Foar it CDA wie Doeke 8 jier riedslid en dêrnei 16 jier as wethâlder ferbûn en wurksum yn de gemeente.

In lange steat fan tsjinst en as wethâlder wie Doeke Fokkema in hiel fertroud gesicht yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It CDA is Doeke in protte tank ferskuldige en wy sille syn waarmte en kennis en kunde tige misse. As minske hawwe wy him bysûnder wurdearre om syn minsklike maat en syn tagonklikheid.

Fan boargemaster Gebben krige Doeke in ûnderskieding opspjelde.
Doeke is dêrmei Ridder van de Orde van Oranje-Nassau.
Fan Herte lokwinske Doeke!

Wy winskje Doeke en Geartsje alle sûnens en gelok ta!

CDA-Tytsjerksteradiel

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *