It CDA is in lanlike partij mar ek warber yn alle bestjoerslagen fan ús lân. Polityk bedriuwe yn it  provinsjehûs, dêr kinne jo miskien wat by foarstelle, mar it CDA ek fertsjintwurdige  yn it  Wetterskip? Ja, sa kin in probleem fan ûnderop oanpakt en oplost wurde. Bygelyks: hoe dan?

By de CDA-fraksje yn de gemeenteried kaam in fraach fan de kliïnteried Wurk en Ynkommen: Minsken mei in smelle beurs kinne hast gjin frijskatting/kwijtschelding krije foar de Wetterskipslesten. It noarmfermogen by it Wetterskip is hiel leech (dat is it bedrach dat jo op de bank hawwe meie om yn oanmerking te kommen foar kwijtschelding) it ferskilt noch al wat mei bygelyks it noarmfermogen fan de Partisipaasjewet dat folle heger is. It skeelt betiden hast wol € 5000,00.

Wy hawwe ús CDA kollega’s by it Wetterskip frege hoe’t it sit.  It die bliken, it wetterskip Fryslân kin neat oan dy lege noarm feroarje, want de noarm foar it eigen fermogen fan it Wetterskip is lanlik fêstlein en kin allinnich yn Den Haach feroare wurde. Mei de fraksjefoarsitter fan it CDA Wetterskip binne wy doe ôfpraat dat wy hjir oer kontakt sykje sille mei ús CDA kollega’s yn Den Haach om noarmfermogen lanlik oan te pakken. Mei-inoar oparbeidzje!

Sa hawwe wy Harry van der Molen, ús kollega yn de Twadde Keamer frege om ris nei dit probleem te sjen. En dat hat er dien, hy hat in moasje yntsjinne en dizze moasje is mei 130 stimmen oannommen en (behalve de PVV) is dat hast keamerbreed. De minister is no dwaande en moat sjen hoe’t ferskil yn it noarmfermogen tusken de beide wetten oplost wurde kin.

Het kinderpardon hat oan de oarder west. De fraksje is fan miening dat  it belied  yn Den Haach bepaald wurdt oer asylsikers.  Dêr leit de ferantwurdlikheid.  Us gemeente hat in gezinslocatie yn Burgum. It betsjut dat de minsken útprosedearre binne  en moatte werom nei harren lân fan ôfkomst. De gemeente fasiliteart it COA  (centraal orgaan opvang asielzoekers). It COA soarget û.o. foar it húsfestjen fan de asylsikers. De lange prosedueres foar in ferbliuwsfergunning soargje der foar dat de minsken en húshâldings  dy’t it oangiet,  lang yn ûnwissichheid libje moatte oer harren takomst.

Wat kin de lokale oerheid wol dwaan? De ried en kolleezje hawwe en kinne middels it eigen foech; moasjes, brieven of op in oare wize  de  ferantwurdlikens nimme. Of fia de eigen partijlijn de ynfloed brûke om de soargen oer de minsken yn it  AZC/ gezinslocatie en de prosedueres oer te bringen nei Den Haach. Wy binne bliid dat ús partij net dôf is foar lûden fan ûnderop. Us fraksje yn Tytsjerksteradiel is bliid dat de problemen foar in protte minsken en bern fia it kinderpardon ta in oplossing liede sille. Tagelyk foar de takomst moatte koarte prosedueres earder dúdlikheid jaan.

Noch in foarbyld: De lange file yn de spits op de Wâldwei fan Ljouwert ôf by de ôfslach Garyp/Earnewâld wie gefaarlik. De auto’s stiene betiden te wachtsjen op de Fonejachtbrêge! De CDA fraksje hat yn de gemeenteried hjir doe fragen oer steld. Tagelyk hawwe wy ek kontakt socht mei ús CDA kollega’s fan de provinsjale polityk. Wendy Zuidema hat it doe oppakt yn de Provinsjale Steaten en it duorre net lang of it ferkear waard  regele op it fiadukt! No wurdt der wurke oan in rotonde om it probleem definityf op te lossen.

In pear foarbylden fan  gearwurking  fan it CDA yn de bestjoerslagen om ek lokale problemen op te lossen. Op 20 maart meie wy wer stimme. Jo stim docht der ta.

Lamina Westerdijk-Dam

CDA Tytsjerksteradiel

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *