Us gemeente Tytsjerksteradiel stiet bekend om de goede soarch foar de boargers. Der binne hast gjin klachten en der is in hege wurdearring foar de soarch dy’t de gemeente biedt. Oan de goede soarch hinget wol in priiskaartsje. De gemeente rint  no tsjin in grut tekoart oan yn it sosjale domein. In tekoart fan 1,7 miljoen. Dat tekoart kin net alle jierren út de reserves fan de gemeente bypast wurde. It is dêrom  noadich dat der besunige wurdt binnen it sosjaal domein. In nij plan om te sjen hoe’t we resultaat rjochte en dochs kwalitatyf goede soarch biede kinne. As de wurdearring fan de boargers foar de soarch it sifer 7 kriget, dat is ek rûm foldwaande!

Tytsjerksteradiel  bliuwt in sosjale gemeente.Wat hâldt de besuniging ûngefear yn:

  • Organisaasjes en ferienings yn ús doarpen kinne better gearwurkje en doarpen kinne better mei-inoar gearwurkje. In bettere besetting fan de doarpshûzen.
  • Goede ûndersteuning biede,  bysûndere bystân fan de gemeente bliuwt in fangnet foar alle minsken dy’t it noadich binne en hjirfoar yn oanmerking komme.
  • Gearwurkje tusken húsartsen en gebietsteams.
  • Aktivearjend earmoedebelied. Allinne mei in ynkommen fan 110% fan it sosjaal minimum kin men tenei yn oanmerking komme foar gemeentlike regelingen foar minima.
  • It saneamde Kindpakket, de stipe foar bern dat wurdt rûmer.
  • Partisipaasjemiddelen allinne foar dyjinge dy’t stipe noadich hat.
  • Kostenbewust wurkje.
  • Besunigje op it personiel yn de gebietsteams
  • It gearfoegjen fan de jeugd-, doarp- en partisipaasjeteams leveret in  besuniging op.
  • Solidariteit fan de boargers as it om kwijtscheldingsregeling giet fan de minder draachkrachtigen yn ús gemeente .
  • Publieke gerjochtichheid as it giet om oan it wurk. It hawwen fan wurk is de bêste wize om in better ynkomen te generearjen en wurk moat leanje.
  • Besuniging op it persoaniel, de gebietsteams moatte it wurk mei minder minsken dwaan.
  • Effisjinter wurkje troch de meiwurkers, hokker soarch hawwe minsken noadich?

Kin it mei minder soarch ta, of moat der krekt mear soarch komme?

De minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge (CDA) sil sjen hokker finânsjele maatregels der noadich binne om de tekoarten by de gemeenten op te lossen. Tagelyk moatte gemeenten op in ferantwurde wize soargje, dat net hieltyd mear bern de jeugdhelp noadich binne.

De CDA fraksje hat ynstimd mei it nije beliedskader en persoaniels- en organisaasjeplan dat in besuninging fan 1,7 miljoen opleverje sil.

www.tichtbyelkoar.nl 14 0511

 

Lamina Westerdijk

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *